Ut it skûtsje-argyf 1973
De wite tugen blinkend fel,
de swarte dekken skroeiend hjit,
de skippershollen wiet fan ’t swit,
gjin ko jout him noch noflik del.
Wannear’t sels Klaas* it sitte lit
fanwege ’t ritme fan syn hert,
dan wit De Feanhoop wol hoe let
it is en dat de starter mjit.
De skûtsjes farre hjoed op tiid
fan groanometers fan begjin
oant ein, ’t is lykwols min nei ’t sin
fan ’t folk dat mist de wiere striid.
De Snitser Pan bliuwt groanysk earst
en slacht akút de Jouster fier
werom, mar as de flagge bier
belooft, dan wurdt elk plak in feest.
* Klaas van der Meulen |