Willem Tjerkstra’s thússide
admin

F-tsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 22 july 2007 yn Itens

Image

1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
om te fieren dat it libben trochgiet,
fan âlders op bern,
bern fan lok en seine
en bern dy’t gjin libben ha.

Wy fiere ús eigen libben,
om’t wy berne binne,
bern west ha
en skiednis meitsje.

Us fieren siket ferbining
mei wat boppe ússels útgiet.
Dêrom sprekke wy út
dat ús help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Er op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Liet 21: 1 en 2

3. Ynlieding

Wy fiere hjoed de F-tsjinst:
Fryske tsjinst.
– Wy geane nei Finlân, it lân fan de ûneinige lânskippen dy’t sprekke fan religy, fan myten.
– Der komme ferhalen oan de oarder, û.o. in ferhaal út ‘e Kalevala; Elias Lönnrot hat de Finske myten yn dat boek sammele en Gallen Kallela hat der prachtige skilderijen fan makke.
It magyske wûnderding yn de Kalevala is de sampo, in soarte fan mole dy’t lok en seine brocht.

Image

Frouwen spylje yn de ferhalen yn dizze tsjinst in grutte rol: de frou fan de smid Ilmarinen, Hanna (de mem fan Samuël) en de frou fan Pinechas (ien fan de prystersoannen yn Silo).
– It giet oer ferjaan yn ferskillende betsjuttings: it kwea ferjaan; ferjaan yn de sin fan fergiftigje; de dei is ferjûn (bedoarn).
– It giet oer de leafde, mar dy f stiet middenyn it wurd, miskien wol symboalysk, om’t de leafde ek middenyn it libben heart te stean.
– De f fan frjemdlingen, minskebern dy’t gjin libben ha, mar dy’t by God net ferlern geane.
Dêrfan sille wy no sjonge.

4. Sjonge
Liet 21: 6

5. Gebed

Heit yn de himel, God fan leafde,
tankewol dat wy leauwe meie
dat ús libben sin hat,
dat wy allegearre in skiednis hawwe
om wiisheid út op te dwaan,
hoe’t dy skiednis der dan ek útsjen mei.
Guon skiednissen sprekke fan lok en seine,
tankewol dêrfoar;
oare skiednissen binne tekene troch lijen en fertriet,
wol mei jo leafde in stipe wêze;
mar yn de measte skiednissen
wikselje lok en lijen inoar ôf.
Harkje nei ús tankliet en smeekgebed.

Wy bidde Jo dat yn de ferhalen opljochtsje mei
hoe’t it minskebestean nettsjinsteande stroffeljen
in oereinkommen is en trochgean,
fan âlden op bern, fan bern-wêzen nei âld-wurden,
fan geslacht op geslacht,
dat wy net ferfalle yn ‘yn ús tiid wie it bettter’,
mar wiisheid yn it libben opdogge.
Amen

6. Lêze

Kalevala – Kullervo

Untamo brocht syn broer Kalervo en al syn mannen om. Allinnich syn frou, dy’t swier wie, liet er as syn slavinne yn libben. Net lang dêrnei waard in jonkje berne, dat sy Kullervo neamde. Syn omke Untamo hie it net op him stean en grommele: “Yn dy jonge is in nije Kalervo opstien, hy sil ús oars net as lijen bringe. Ik sil him oan de smid Ilmarinen ferkeapje.”
En sa waard Kullervo, doe’t er in foech jonge wie, de slaaf fan de smid.

“Wat moat ik dwaan?” frege Kullervo de oare deis oan de frou fan Ilmarinen.
Sy tocht efkes nei en sei doe: “Do silst ús kij hoedzje.”
Om’t sy neat mei de jonge op hie en spottend op him delseach, bakte sy in bôle mei in grouwe stien deryn. Doe sei se tsjin Kullervo: “Do silst net earder fan de bôle ite as de kij weidzje kinne.”
Nei’t Kullervo de kij nei in gaadlike greide brocht hie, helle er de bôle út ‘e rêchsek en beseach dy fan alle kanten as fertroude er it net. Hy helle syn mes foar it ljocht, dat syn mem him jûn hie as oantinken oan syn heit, en stiek it yn de bôle om der in stik ôf te snijen. Nei in skrassend lûd briek it limmet.
Kullervo spatten de triennen yn de eagen en wylst syn grime heech oplôge, rôle er de linkerhân op ta in fûst en raasde: “Do narjend wiif, ik sil ús heit wreke!”

7. Sjonge
Liet fan de bernestim: 1 en 2
Wize: Liet 334 út it Lieteboek foar de tsjerken

Freugde is it as in bern
daliks lûd jout nei de berte,
dy primeur giet net ferlern,
klinkt noch troch yn alle herten.
Yn de leafde fan de âlden
sil de stim it suver hâlde.

Yn de leafdessymfony
groeit it bern nei syn bestimming,
sjongt de libbensmelody
troch te jaan en yn it nimmen.
Op ‘e grins, folgroeid yn jierren,
klinkt syn kleare stim fan fierren.

8. Ferkundiging 1

Fan de Dútske filosoof Peter Sloterdijk is koartlyn in boek útkommen mei de titel ‘Zorn und Zeit’, oersetten yn it Nederlânsk ‘Woede en tijd’, op syn Frysk ‘Grime en tiid’.  Dêryn seit er dat de skiednis fan it minskdom net bepaald wurdt troch erotyk, mar troch it langstme nei wraak, troch eargefoel, it jin jilde litten, op syn geunstichst troch gerjochtichheid en weardichheid. Tink mar oan de ûntelbere rúzjes, faak om dingen fan neat en oan alle oarloggen dy’t troch de ieuwen hinne fierd binne. Wy soene Sloterdijk syn teory noch oanfolje kinne mei de stelling dat de skiednis fan it minskdom ek net bepaald wurdt troch de leafde, de leafde yn de sin fan ‘ha God leaf boppe alles en dyn neiste as dysels’.

In moai foarbyld fan ‘Grime en tiid’ is it ferhaal fan Kullervo, dat ien drama is. Nei’t syn omke Untamo syn âlderlik hûs ferneatige hat, wurdt er yn dy syn húshâlding grutbrocht, mar sûnder leafde.

Wy hoege mar om ús hinne te sjen en it nijs te folgjen om te witten wat in leafdeleaze opfieding faak fan gefolgen hat. In protte bern komme psychysk skeind út sokke situaasjes wei en bedarje faak yn de jeugdsoarch of noch slimmer yn it kriminele sirkwy. Wy hawwe net fergees in aparte minister krigen dy’t him û.o. dwaande hâldt mei dizze jonges en famkes.

Werom nei Kullervo. Hy wurdt yn it doarp fan omke Untamo oan it wurk set, mar alle taken dy’t er kriget, mislearje. Untamo is der glêd mei oan en om’t er syn omkesizzer beskôget as hannelswaar, ferkeapet er him foar wat âld izer oan de smid Ilmarinen (dy’t ek de sampo makke hat).

Minskûnweardich, fine wy. Gelokkich dat de slavernij al yn 1863 ôfskaft is. Oant wy bylden sjogge fan útrûpele Sinezen, dy’t achttjin oeren per dei as slaaf yn stienfabriken wurkje. Of hearre fan bernsoldaten yn Afrika. Of konfrontearre wurde mei seksslavernij.
Wurdt de skiednis fan it minskdom net bepaald troch macht en jildingstwang?

Werom nei Kullervo. Hy kriget fan de moaie smidsfrou de taak om hoeder oer har fee te wêzen. It liket derop dat se foar Kullervo in soarchsume mem is, want se bakt in bôle foar him. Mar hâld har yn de gaten, want har hert is sa hurd as in stien. En frouwespot boarret troch it fel fan it slachtoffer hinne oant yn syn hert. Stiennen binne oeral te finen, dy hoege earst net op it ambyld fan Ilmarinen smeid te wurden.

As de sinne op it heechste punt is en it fee leit rêstich te wjerkôgjen, hellet Kullervo de bôle  en syn mes foar it ljocht. Dat mes is it iennige oantinken dat er noch oerholden hat fan syn âlderlik hûs. It is it mes fan syn heit. As Kullervo it yn de bôle set, wurdt syn âlderlik hûs op ‘e nij ferneatige, diskear troch de spot fan de frou fan Ilmarinen.
Wurdt de skiednis fan it minskdom net bepaald troch jildingstwang mei spot as ien fan de wapens?

En dan glydt ús each nei it skilderij fan Gallen Kallela. Dêr stiet Kullervo, mei yn de rjochterfûst it brutsen mes fan syn heit en de linkerfûst omheech. In byld mei op ‘e lippen de skreau om rjocht foar syn ûngelokkich libben en wraak foar wat de narjende frou fan Ilmarinen him oandien hat.
Hawwe de Finske foarfaars yn dit helde-epos al net werjûn dat de gong fan de skiednis bepaald wurdt troch wraak as utering fan in skeind rjochtsgefoel?

It skilderij ‘De flok fan Kullervo’ is boppe it epos sels útgroeid ta it symboal fan it Finske rjochtsgefoel. Nei’t Finlân ieuwenlang in part fan Sweden west hat en letter fan Ruslân, fochten de Finnen har yn it begjin fan de tweintichste ieu frij. Kullervo is foar harren it symboal fan it ferset tsjin ûnrjocht wurden.

En de leafde? It epos fertelt fierder oer wraak, eros as de sinlike leafde, ûngelok en úteinlik oer de dea. Kullervo lit him yn de punt fan syn swurd sakje oant it syn lege hert berikt.
En dochs… Kullervo is my op de iene of oare manier sympatyk. Omdat er in part fan mysels is?

Image

9. Sjonge
Liet fan de bernestim: 3

As it libben leafde mist,
kin it bern gjin wize hâlde,
skril is ’t lûd as fan in bist,
’t wraakliet is foar âlde wrâlden.
Op ‘e grins, net mear te kearen,
klinkt syn skreau, wanhopich bearen.

10. Lêze
1. Samuël 1, 1-8

11. Sjonge
Liet fan Hanna: 1 en 2
Wize: Liet 440 en liet 334 út it Lieteboek foar de tsjerken

Liet 440
Yn Silo wie it heil te finen,
Elkana’s folk bea dêr elk jier,
syn Hanna kaam mei it ferline:
gjin kroast, it libben foel har swier,
omdat Peninna mei tsien bern
har narre om net oan te sjen.

Liet 334
Heare God, myn sielsfertriet
skriem ik út mei hjitte triennen,
no’t it libben leechte biedt,
mei ik jo genede winne.
As Jo my in jonkje jouwe,
sil ik it Jo tafertrouwe.

12. Ferkundiging 2

Al wer in ferhaal oer in frou en in jonge. Of better sein oer twa froulju en in jonkje. No net út it Finske helde-epos de Kalevala, mar út ‘e joadske ferbûnsboeken; miskien kinne wy ek sizze: de joadske leafdesboeken. Want yn dy boeken steane ferhalen oer de leafde, it leafdesferbûn tusken God en syn folk en it leafdesferbûn fan minsken, foaral it houliksferbûn tusken man en frou.

Elkana, in man fan gewicht, hat keazen foar twa froulju. Earst foar Hanna. It kin net oars sein wurde dat it mei de leafde wol goed siet tusken harren. Yn Silo spriek Elkana him dêr ek oer út: ‘Bin ik foar dy net mear as tsien soannen?’
Mar de leafdesdied hie gjin resultaat. Yn de skoat fan Hanna groeide gjin frucht út ta in soan dy’t it geslacht fan Elkana fuortsette koe. Want lit ús de wearde fan bern yn dy tiid mar by de namme neame: sy hiene de funksje fan libbensfersekering foar de âlden en de fersekering fan kontinuïteit: fan geslacht op geslacht.
En de leafde? Dêr krije wy it daliks noch oer.

Se sieten alle jierren yn Silo om de tafel, Elkana en syn húshâlding. En dat hold net mei in pear bern op ‘Peninna en al har soannen en dochters’ stiet der. Chofny en Pinechas, dy’t as prysters foar de famylje it offer op it alter lein hiene, hawwe grif giisgobbe: ‘Elkana hat der by Peninna mear profyt fan as by Hanna.’ Want de beide soannen fan Ely wiene net fynbesnare. Mûle en hannen holden gjin rekken mei de hillige leafde, net dy fan de minsken en ek net dy fan God. Dat sille wy yn it tredde ferhaal noch tsjinkomme.

Peninna, de twadde frou fan Elkana, fan wa’t de skoat miskien wol mear as tsien kear opbloeid wie (Elkana: ‘Bin ik foar dy net mear as tsien soannen?’) fielde har yn Silo yn it ûnhillige selskip fan Chofny en Pinechas thús. Se seach mei glinsterjende eagen hoe’t fierwei it measte fleis op ‘e boarden oan har kant fan de tafel kaam te lizzen. Der gie mar ien poarsje nei Hanna. Matearje dy’t de tsienfâldige leafdesferhâlding foar har as belangrykste frou útkomme liet, sa woe se ha. De tsien figuerlike stiennen dy’t se ûnder de tafel op ‘e teannen fan Hanna falle liet, kamen hurd oan. Peninna ferjoech Hanna mei har feninich fergif. It wie foar Hanna altyd wer in ferjûne dei, dêr yn Silo.

Ien narjende stien fan de frou fan Ilmarinen foar Kullervo, de tamtearre jonge mei inkeld noch it mes fan syn heit as oantinken. Tsien stiennen fan Peninna foar Hanna, de earste frou fan Elkana mei inkeld in lege skoat. Dan bist wol in frjemdling yn Israel.

En sjoch noris nei de reaksjes. De grime fan Kullervo mei oprôle fûsten, skreauwend om wraak. En Hanna op ‘e knibbels mei de hannen gear yn de tabernakel: “Heare Almachtich, as Jo jo tsjinstfaam in jonkje jouwe, dan sil ik him foar syn hiele libben oan de Heare jaan.”

Leau mar dat de leafde fan Elkana en Hanna dêrnei sa yntins west hat dat dy nei de himel opriisd is. En mei hoefolle leafde is de lytse Samuël yn de earms nommen en yn de earste jierren fan syn libben opgroeid. Net te ferlykjen mei Kullervo.

Image

13. Sjonge
Liet fan Hanna: 3 en 4

Liet 440
Yn Silo wurke Ely, pryster
mei each en ear troch sliep beheind.
Hy frege Hanna: ‘Frou, wat diest dêr,
praatsto yn ’t wyld as dronken feint?’
Hy hearde doe fan har gebed
en sei: ‘De Hear ferjit dy net.’

Liet 334
Heare God, hjir is myn soan,
berne nei myn skriemend bidden,
nimme Jo myn bern no oan,
Samuël giet út ús midden.
En hoewol’t it is mei pine,
lit ik him jo wegen fine.

14. Lêze
1 Samuël 4, 1-4

15. Sjonge
Liet fan de arke: 1 en 2
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken

Gods folk focht tsjin de Filistinen
en waard mei swurd en spear ferslein,
de âldsten lieten har ljocht skine:
de arke moast nei ’t striidterrein,
want mei de Hear heech op ‘e troan,
sa koene sy de fijân oan.

De arke kaam mei Ely’s soannen
op ’t slachfjild ûnder lûd jûchhei;
de fijân stie mei lege hannen,
no wie dy sterke God derby;
se fochten doe mei liuwemoed
dat Israel ferlear foargoed.

16. Ferkundiging 3

Is it ferhaal fan Chofny en Pinechas en de arke in befestiging fan de filosofy fan Peter Sloterdijk? De rin fan de skiednis dy’t bepaald wurdt troch eargefoel, jildingstwang en wraak? En as it de minske sels net slagget om de ear te beheljen, him jilde te litten en wraak te nimmen, dan hellet er it wurk fan syn hannen derby.

Dat wie yn de Kalevala de sampo, de magyske mole, smeid troch de smid Ilmarinen. Se hiene  him skonken oan it folk fan it Noarden, mar doe’t se seagen hoefolle lok de sampo brocht, woene se him werom ha. It waard fansels slaande deilis…. eargefoel, jildingstwang en wraakgefoelens. De sampo briek en foel yn see.

Image

Chofny en Pinechas hellen it wurk fan Mozes’ hannen derby, de arke, makke yn de woestyn. De Israeliten beskôgen de arke as de troan fan God. Yn de striid tsjin de Filistinen lieten Chofny en Pinechas har meislepe troch it folk. Yn har ûnhillich byleauwe fierden se God op syn troan mei nei it slachfjild. As in soarte fan godlike kriichshear soe hy de ear fan it folk wol rêde en wraak nimme op ‘e Filistinen. Mar it rûn op ‘e kop ferkeard en it wurk fan Mozes’ hannen kaam yn hannen fan de fijân.

En yn ús eigen tiid? Wy ha net mear sa’n magyske sampo en wûnderlike arke. Mar wat ús tiid wol makke hat, binne troanen foar god Mammon yn de foarm fan hege jildtuorren fan Babel. En leau mar dat dêr de moles fan de macht draaie. Ut dy moles komme – om in pear produkten te neamen – de heechste rendeminten en bonussen, de fierstrikkende televyzjekanalen en de modernste wapens. En god Mammon sjocht op syn troan it slachfjild oer en glimket.

Ha wy no de hichte? Is dit de ein? Amen? It soe net bêst wêze!
Want sjoch, de frou fan Pinechas is swier en hoewol’t se sels by it boadskip fan har man syn dea it letterlik bestjert, bringt se in jonkje op ‘e wrâld. Syn namme is Ikabod, de eare is fuort út Israel. Dit liket net bêst! In jonkje sûnder âlders, mei in heal deminte pake Ely. Wat moat der fan him wurde? In twadde Kullervo?
Mar God lit him net sette op ‘e troan fan Peter Sloterdijk syn filosofy fan eare, jildingstwang en wraak. Want wêr’t in bern berne wurdt, is takomst: Samuël, Ikabod, David, Jezus… Ha God leaf boppe alles en dyn neiste as dysels.

En dosels? Bisto ek net berne? Wiest as bern sels ek gjin takomst? In Kullervo, Ikabod, Samuël… Neam dyn eigen namme. Wat is der fan dy wurden? Do makkest skiednis… fan de eare of fan de leafde?
Amen

17. Sjonge
Liet fan Ikabod
Wize: Liet 334 út it Lieteboek foar de tsjerken

Heare God, it duorret lang
foar’t Jo wer nei Silo komme;
ik bin oer ’t ferrin sa bang,
fan myn man ha ‘k neat fernommen;
swier falt my it lange dragen,
’t leit as stien my op ‘e mage.

Heare God, ik kin net mear,
no’t de deaden my oerfalle;
fuort is alle rom en ear,
‘k lis no del myn wurge holle;
Ikabod, myn leave jonge,
do silst fan de takomst sjonge.

18. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

19. Sjonge
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

Image

20. Seine

Nei’t wy ús eigen libben fierd ha,
om’t wy berne binne,
bern west ha
en skiednis meitsje,
geane wy ús libben wer yn
mei it each op ‘e takomst,
mei it hert iepen fan de leafde,
want…
de leafde fan God is mei ús
de frede fan Jezus, de Minskesoan rint mei ús op
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast komt oer ús.
Amen

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum