By Iepenbiering 22
Wize: liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken
Lit my, Jehannes, no net swije
oer wat ik hearde en ek seach:
God sil de wrâld alhiel fernije,
in paradys foar ear en each.
De ingel hat dy bylden jûn,
ik tankje him foar ’t fisioen.Ik bin in ingel út ‘e hichte,
de tank komt God allinnich ta,
as tsjinstfeint kaam ik nei de lichte,
sa wol de Hear de takomst ha.
Jehannes, it is hast safier,
de fisioenen wurde wier.
As Soan fan God bin Ik de stjerre
dy’t skynt yn de betide moarn.
Wa’t earen hat, lit dy no hearre,
de eagen sjogge ’t ljochtsjen oan,
de mûlen bliuwe ticht en stom,
myn wierheid klinkt en blinkt: Ik kom.
Wy as gemeente ha lang wachte
op wat de ingel hat fersein:
hoe’t boppe alle ierdske machten
de moarnsstjer riist, dat oan de ein
ús mûlen sjonge fan syn rom:
Wês wolkom, Heare Jezus, kom!
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan ôfskie en weromkommen |