Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan slang en stêf

Religy

Tsjinst op 11 juny 2006 yn Broek

Image

1. Tarissing

In fuotbal leit op ‘e preekstoel, om’t hjoed de earste wedstriid fan Nederlân spile wurdt by it wrâldkampioenskip yn Dútslân. Mar it giet fan ‘e moarn net om de fuotbalgeast, mar om de Hillige Geast.
Broek ken syn eigen fuotbalkampioenen.

Image

Op ien fan de finsters yn de tsjerke is in mozayk fan Sint Christoffel mei de stêf, de Kristusdrager.

Image

Yn dizze tsjinst giet it om de stêf en de slang.

De snein nei it Pinksterfeest,
it feest fan de Hillige Geast,
de snein Trinitatis,
de hillige trije-ienheid,
God, Jezus en de Hillige Geast.

Op dizze snein komme wy by elkoar
om de trije-ienheid te fieren
en om ús eigen trije-ienheid te belibjen.
Us help is fan God de Heit,
ús foarbyld is Jezus de Soan
en de ynspiraasje komt fan de Hillige Geast.
Amen

2. Sjonge
Liet 255: 1, 2, 3, 4

3. Laam en hoeder

Liet 255: 2 – Jezus as laam dat ús rêdt.
Psalm 23 – De Hear is myn hoeder.
It is net om ‘e nocht dat wy it earste part fan Psalm 23 lêze.
It is foar in protte minsken in tekst dêr’t se mei libje en stjerre.
Wa fan jim sprekt yn it bysûnder dizze psalm oan? Wêrom?

4. Lêze
Psalm 23, 1-4 as gebed

5. Sjonge
Liet: 14: 1, 2, 3

6. Stêf as teken fan de Geast

Jo stôk en jo stêf dy fertreaste my, seit Psalm 23 fers 4.
De stêf as treaster, mar hoe?
Sjoch nei de hoeder dy’t mei syn stêf de skiep hoedet.
De stêf wiist de wei, beskermet, jout treast en krêft.
Wêr ha wy dat earder heard?
Wiist de Geast ek net de wei?
En beskermet en treast de Geast ek net?
Jout de Geast ek net krêft… ynspiraasje?

Image

De stêf as teken fan de Geast?
Yn hokker ferhalen komme wy de stêf tsjin?

“Slaan mei de stêf it wetter fan de Nyl,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, it wetter waard bloed, de earste pleach foar Egypte.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Slaan mei de stêf de moude op ‘e grûn,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, de moude feroare yn langskonken, de tredde pleach foar Egypte.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Til dyn stêf op en stek de hân út oer de see en spjalt dy,” sei God tsjin Mozes.
En sjoch, it wetter fan de Reidsee spjalte en der ûntstie in paad.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Stek yn de striid tsjin Amalek dyn stêf omheech,” sei God tsjin Mozes.
En Mozes hold de stêf boppe de holle en Israel wûn de striid.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

“Lis de stêven fan de stammen yn de tinte fan de moeting,” sei God tsjin Mozes, “ek dy fan Aäron en Ik sil de stêf fan de man dy’t Ik útkies yn bloei rinne litte.”
En sjoch, de stêf fan Aäron sprute út en bloeide.
De stêf as krêftboarne… teken fan de Geast.

Yn de wrâld fan tsjintwurdich misse wy stêven.
Inkeld de paus en Sinteklaas sjogge wy dermei.
Yn ús wrâld wurde faak stokken brûkt om te slaan.
Mar wat soe der op tsjin wêze om de stêf wer in plak te jaan?
Yn plak fan de stôk as wapen, de stêf.
En foar de âlderein: yn plak fan de rollator de stêf.
It hâldfêst en de krêft fan de Geast.

7. Sjonge
Liet fan slang en stêf

De stêf en de slange,
de geast en it kwea,
hoe sil it beteare?
De tiid sil it leare:
op libben en dea.

De lusthôf fan Eden,
it duorre net lang
of dêr hiest de kweade
dy’t flaaike en bearde,
de rop fan de slang.

By’t brânende boskje
waard Mozes spoekbang,
mar God soe him leare,
neat soe him mear deare,
de stêf waard in slang.

De godsstêf fan Mozes
joech Israel moed,
Egypte moast witte
om nea te ferjitten:
it wetter waard bloed.

It stof fan Egypte
hat Mozes ek slein
mei stêf en mei wurden,
de moude is wurden
ynsekten as rein.

Befrijd fan it lijen,
mar ’t ja waard in nee,
dochs Mozes wist better,
de stêf boppe ’t wetter,
in paad troch de see.

De tocht soe ferrinne
mei lek en mei brek,
mar Mozes stiek tichter
de stêf nei de hichte,
fersloech Amalek.

Dochs doe’t it folk klage,
kaam nochris de slang,
yn gielkoper getten,
waard Israel better
en libbe noch lang.

De stêf of de slange,
de geast wint fan ’t kwea,
it fjoer sil ús leare:
it gif sil ferkeare
yn ’t himelske brea.

8. Gebed

Hear, ús hoeder mei de godsstêf,
beskermer tsjin ûnheil,
rêder fan wa’t yn need sitte,
bring ús yn oarden fan rêst,
dat wy stil wurde om te sjen
it heil fan griene greiden,
om te harkjen
nei wurden fan ivige wiisheid
en om ús te ynspirearjen
troch it fjoer fan it toarnbeibosk.
Amen

9. Lêze
Exodus 3, 1-6,
Exodus 4, 2-4
Exodus 4, 14

10. Sjonge
Liet 51: 1, 2, 3

11. Lêze
Johannes 3, 1-16

12. Sjonge
Liet 247: 1, 2, 3

13. Ferkundiging

It ferhaal giet dat God by de skepping dochs net hielendal tefreden wie. En dan gie it om de minske. Twa hannen hied er en twa fuotten, dat hy wie yn lykwicht, mar dat wie God net genôch. Dêrom blaasde Hy Adam de siken yn en sjoch de minske kaam ta libben. Mar it wie noch net wat God Him dêrby foarsteld hie. Doe naam er in ribbe út it lichem fan Adam en skoep de frou. Sa, tocht God, twa dat is in pear: twa hannen, twa fuotten, twa minsken, man en frou. Mar dochs… God rûn der mei om, want wie it wol genôch? Hy seach nei Adam en Eva, fernaam hoe’t se sykhellen, de wyn fan har azem, de minsklike geast, mar wêr wie it godlike fjoer? Twa wie in pear, mar dochs net genôch. Lykwols foar’t God maatregels nimme koe, wie de tredde der al, de slang. En dat wie no krekt net de bedoeling. God hie Him hiel wat oars foarsteld by dy tredde. Wat? Dêr hat God Him by wize fan sprekken it fjoer foar ûnder de fuotten wei rûn.

Mar oft dat tusken de beide iiskâlde ierdske poalen, de Noard- en de Súdpoal, slagge is? Is de ierde dan ek al mislearre, soest dy ôffreegje kinne. Twa is in pear, de Noard- en de Súdpoal, mar it giet om wat dêr tusken sit. It is de fraach oft yn it gebiet tusken de poalen it fjoer wol brânt. En dan net it fjoer út ‘e gewearen of de bommen, mar dat fan de geast. Want as dat fjoer brâne soe sa’t God Him dat foarsteld hie, dan wie der gjin honger en earmoede. Dan stoaren der gjin miljoenen bern mear oan in tekoart oan iten en medisinen en in tefolle oan geweld. Dan wiene de Earste Wrâld (it Westen) en de Twadde Wrâld (it Easten) begien mei de Tredde Wrâld (it Suden) en wiene de trije wrâlden yn folsleine harmony: Gods ryk op ierde tusken de Noard- en Súdpoal. Want trije is no ienkear it symboal fan de ienheid… trije-ienheid.

Nee, dan yn de tiid dat it godsfjoer noch op ierde kaam! Wat in barren! Mar wie dy tiid wol safolle better? It slavefolkje Israel suchte ûnder it jok fan Egypte. De Israeliten waarden sels ynset yn it militêre rezjym fan Egypte: sy moasten festingstêden bouwe. En de lytse jonkjes waarden as jonge katten yn de Nyl fersûpt. Bern wurde yn alle tiden it slachtoffer fan de ferdwazing fan folwoeksenen. Allinnich Mozes is deroan ûntkommen en geloksbern wurden oan it hôf fan de farao. Mar sûnt er in Egyptner deaslein hat – in tiid fan moard en deaslach – doarmet er mei de skiep fan skoanheit Jetro yn de woestyn om. Nee, tink net dat it geloksbern ûngelokkich wurden is. Hy hat ferkearing krigen mei Sippoara, de dochter fan Jetro, en is mei har troud. Twa is in pear. En twa en twa is fjouwer, want der wurde twa soannen berne: Gersjom en Eliêzer. Trije wurdt oerslein en lykas yn it betochte ferhaal by de skepping, hat God der gjin frede mei. Twa is net genôch en fjouwer doocht net. En noch foar’t de slang syn kop opstekt, grypt God yn.
Mozes sjocht yn de fierte in toarnbeiboskje (mei de stikels dêrst dy raar oan skramme kinst), dat yn de brân stiet. Dat bart net alle dagen en nijsgjirrich komt Mozes tichterby, benammen om’t it boskje net fertart. Hy hat net yn de gaten dat hjir wat boppe de natuer út bart, wat fan boppen komt, fan God. Hat er tefolle de eagen nei ûnderen hân, nei de ierde en is er it lykwicht kwyt, it gebiet tusken himel en ierde? Mozes sjocht de himel net, mar de himel sjocht Mozes wol. It ferhaal giet dat as God immen útkiest foar it grutte wurk, Hy him earst hoeder wurde lit. Want wa’t de skiep beskermje en rêde kin út ‘e bek fan wylde dieren, kin ek minsken beskermje en rêde.

Image

Mar Mozes hat neat yn de gaten, driget sels op hillige grûn te kommen, mar dêr stekt God in stokje, in stêf, foar. Want Mozes is dan wol foarbestimd om polityk en geastlik lieder fan it folk Israel te wurden, mar it prysterskip is ornearre foar immen oars. Syn broer Aäron, de lettere hegepryster, sil wol op hillige grûn komme meie.

As Mozes yn de gaten kriget dat er foar hillige grûn stiet, wurdt er lytsman. De God fan Abraham, Izaäk en Jakob, trije fan syn foarfoars – Trinitatis -, ropt him ta de grutte taak om syn folk te rêden út ‘e slavernij. En dan set Mozes de hakken yn de ûnhillige grûn fan de woestyn: “Wa bin ik dat ik nei de farao gean soe en dat ik de Israeliten út Egypte liede soe?” Hat er te koart op ‘e skiep past? Is syn hoedersstêf noch te koart om de tekens fan de himel op te heinen? Mei oare wurden: stiet Mozes noch net iepen foar de godlike geast?

Image

Foar’t de slang tusken God en Mozes ynkomme kin, want it moat no ienkear nei trije ta, grypt God yn. En sjoch no ris wat in humor: “Smyt dyn stêf op ‘e grûn!” En dêr hast him, de slang, net tusken de tûken fan de paradysbeam, mar kronkeljend en bitend yn it woestynsân. “Pak him by de sturt!” Wer humor: de slang wurdt fernedere ta in sturtbist, ta wat der achteroan sleept. En sjoch, it kweade feroaret yn de stêf, de godlike krêftboarne.
Dan moat it no wol goed komme, mar ho mar! De hakken fan Mozes weagje der noch altyd yn, sa swier as lead. De grutte God en Mozes as lytsman, dy lêste kin gjin sprekken lije. Moat hy it wurd dwaan tsjin de farao? En dan lôget it fjoer yn it toarnbosk heech op, in lôgjende grime: “Aäron, de Levyt, is dyn broer, net wier? Ik wit dat hy tige it wurd dwaan kin. Ja, hy is sels al ûnderweis, dy yn de mjitte en hy sil fan herten bliid wêze, as hy dy sjocht.”
God, Mozes en Aäron, Trinitatis, de hillige trije-ienheid.

En dyn en myn libben? Lytsman en lytsfrou. As se troud binne, is twa in pear. En as der bern komme, rint it op nei fjouwer, fiif, seis… Mar is it genôch om inkeld man en frou te wêzen? Wis, twa is mear as ien. En bern kinne heit en mem ta in lokkige mienskip meitsje. Mar wat is in keppel skiep sûnder hoedersstêf? In mienskip fan minsken sûnder geast? De geast fan fertrouwen, frede, ynspiraasje, entûsjasme foar ierdske taken en himelske roppings. Hoe faak komst it noch tsjin dat der by minsken hillich fjoer brânt? Dat se entûsjast fertelle oer wat se ûndernimme of gewoan oer it deistige dwaan en litten? As pake en beppe deagewoan op ‘e skiepkes fan har bern passe. Deagewoan… do silst bedoele bûtengewoan libben. Ast dat dochst mei de figuerlike hoedersstêf, dan komst altyd út by it tal trije: God, do en it bern.

Bern, jawis, want asto as folwoeksene mei al dyn kennisse net fan omheech út berne wurdst, kinst it wol ferjitte. De heechlearde learaar Nikodemus snapte der neat fan: “Moat ik dan weromkrûpe by ús mem yn it liif?”
“Wiswier, wiswier,” sei Jezus, “do moatst fan omheech út berne wurde, út wetter en Geast, want oars komst gjin streek tichter by de hillige grûn, it ryk fan God, en bliuwst op toarre woestyngrûn stean.”
No moatst harkje, want Jezus giet werom nei Mozes yn de woestyn. Dat ferhaal hat wat te sizzen!
It folk jereminearre syn liedsman alle oeren fan de dei oan de holle: “Hoe fier moatte wy noch? Wy ha skjin ús nocht fan dit rot libben! Wiene wy mar yn Egypte bleaun. No stjerre wy yn dizze godferlitten woestyn!”

En sjoch, ynienen wied er der wer, de slang! Net ien, net twa, net trije, nee, hûnderten krioelen oer de rotsen op ‘e Israeliten ta. It kwea dat se sels oproppen hiene, kroep op har ta en spuite har it gif yn de lea. Se rekken ferlamme middenyn it libben en stoaren de kweade gifdea op toarre woestyngrûn. It folk dat oerbleau, smeke Mozes om libbensbehâld. En God joech de geastlike lieder de hillige taak om te rêden, sa’t er earder syn skiep út ‘e bek fan wylde dieren rêden hie. Mozes makke in slang. De slang fan it paradys feroare yn blinkend koper op in stander, miskien wol yn de foarm fan in stêf. En elk wa’t opseach nei de slang, bleau yn libben. Wat in humor: de slang wie no gjin kweade tredde mear, mar God brûkte him as medisyn om yn libben te bliuwen. God, Mozes en de earste eskulaap, jim witte wol it teken dat in dokter op syn auto hat. Trinitatis, de hillige trije-ienheid.

Asto no man en frou bist, man en frou mei bern of do bist allinnich bleaun of allinnich rekke… wa’t omheech sjocht om rêden te wurden fan it slangegif fan kleilieten, ûnferskilligens of moedeleazens, mei witte dat him of har in stêf yn hannen jûn wurdt, de godskrêft om fierder te gean, troch woestyn en oase hinne op ‘en paad nei Gods ryk. God, do en de godsstêf, in hillige trije-ienheid, Trinitatis.
Amen

14. Oargelspul

15. Sjonge
Liet 257: 1

16. Gebed

Wy loovje Jo, God ús Heit,
om it libben dat wy krigen ha,
wy bringe Jo tank, Hear Jezus,
dy’t de earms as in hoeder
om ús hinneslacht,
wy jubelje Jo ta, Hillige Geast,
om it fjoer dat yn ús brânt.

Wês, o God, mei minsken
dy’t gjin  libben op ierde ha,
dy’t gjin earm fine kinne om te steunen,
dy’t inkeld de kjeld yn de lea fiele.
O God, lit ús net oan har foarbygean,
lit ús as gemeente
libben bringe,
hoeder wêze,
en waarmte jaan.

Wy bidde hjoed yn it bysûnder foar …

Wy bidde no mei elkoar it gebed
fan de Soan oan ús Heit:
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Kollekte

18. Sjonge
Liet 44: 1, 2, 3

19. Seine

Wy geane no nei hûs
mei op ús netflues griene greiden,
mei yn de earen it liet fan de godsstêf
en yn ús hert it fjoer fan de geast,
yn it fertrouwen dat God ús leaf hat,
dat Jezus Kristus ús de wei wiist
en dat de Hillige Geast ús ynspiraasje jout.
Amen (trije kear sjongend troch de gemeente)

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum