Tsjinst op 9 april 2005 is yn Drylts
1. Tarissing
Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
om te fieren dat Jezus net op in hynder
troch de strjitten fan Jeruzalem ried,
mar op in sljochtweihinne ezel.
Sa fiere wy in folslein oare wrâld,
in wrâld dy’t op ‘e kop set is.
Wy sprekke dêrby út
dat ús help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen
2. Sjonge
Psalm 118: 1, 2, 3
3. Foar de bern
Wa fan jim hat wolris in optocht sjoen?
Koest it wat sjen of stiene der grutte minsken foar?
Wa hat wolris oan in optocht meidien?
Hoe fûnst it dat der minsken nei dy seagen?
Wat fiere wy op dizze snein?
Jim komme oan de ein fan de tsjinst yn optocht werom.
Mar earst… it ferhaal oer Sam en Sem en dan…
Sam en Sem
De minsken yn Jeruzalem wiene tastreamd nei de poarte, want Jezus kaam deroan, ridend op in ezel. Elkenien skuorde in tûke fan de palmbeammen en swaaide dêrmei, wylst der roppen waard: “Hoera foar Jezus, dat Hy lang libje mei!”
Sam, seis jier, stie der mar wat by, hielendal achteroan, want hy koe net tusken de lange skonken fan de minsken troch komme.
Hy seach nei de hege muorre nêst de poarte. Soed er dêr opklimme? Dan koed er alles goed sjen. Mar Jezus wie al fierder riden.
Doe seach er foar it hûs fan de hynstekeapman in hynder stean. Soed er dêrop opklimme, want dan seach er Jezus en Jezus seach him. Dat soe moai wêze! Mar Jezus wie al wer fierder.
Ynienen kaam er op in idee. Hy draafde nei de poarte fan it timpelplein. Dêr siet Sem, syn freontsje, dy’t net mear rinne koe en no om in pear sinten of in stik bôle biddelje moast.
Sam gie nêst him sitten en sloech de earm om syn skouders: “Hoi Sem, dêr komt Jezus oan, wolsto Him ek sjen?”
Sem knikte.
“Hosanna,” rôp it folk, “hoera foar Jezus!”
Doe seagen de beide jonges Jezus ek. Hy hold de ezel yn, stapte derôf en kaam op harren ta.
“Hoi jonges,” sei Jezus, “binne jim freonen?”
Se knikten beide.
“In eintsje meiride?” frege Jezus.
Sam sprong op en holp Sem oerein. Jezus sette har op ‘e ezel en gie sels achter harren sitten.
Doe rieden se it timpelplein op, wylst de minsken mei de tûken swaaiden en ‘hoera’ rôpen.
4. Sjonge
Psalm 118: 7
5. Ynlieding
Wy prate en sjonge ús fierder de tsjinst yn:
Ik siet oan alle kant yn ’t lijen,
doe ha ‘k de Hear mei ynmoed socht… Ester
Doe’t heidenfolken my bedrigen,
doe briek ik troch har tichte rigen… Jericho
Doch my de poarten fan fiktoarje
wiid iepen, dat ik yngean mei… Jeruzalem
Yn de ferhalen fan Ester, Jericho en Jeruzalem
komt it boppeste ûnder
en it ûnderste boppe,
de wrâld wurdt op ‘e kop set.
En dat is ek de oarspronklike betsjutting fan it karnaval,
it joadske karnaval, it Pûrim-feest:
de Joaden wurde rêden en Haman kriget de deastraf;
en fan it kristlike karnaval:
de gewoane man wurdt foar in pear dagen machthawwer.
In muorre fan de hurdste stien,
de poarte is net iepengien,
de dei is tsjuster as de nacht,
de fijân hâldt al lang de wacht,
mar sjoch, de kimen ljochtsje op,
de muorre keart, stiet op ‘e kop,
de doar is iepengien,
hoe is dy kear ûntstien?
6. Gebed
God boppe ús tinken, ús ferstân,
wy stjitte yn dizze wrâld noch alris
tsjin de hurdste muorren oan:
ûnbegryp, egoïsme en materialisme;
wy komme foar tichte poarten te stean:
al dy kearen dat wy der net by hearre;
de dei is soms sa tsjuster as de nacht:
sykte, fertriet, rou en iensumens.
Wy freegje Jo, God,
dat de kimen opljochtsje meie,
dat de muorre omkeard wurdt
en de poarte iepengiet,
dat wy libje meie by de trijeslach
fan hope, leauwe en leafde.
Amen
7. Lêze
Ester 9, 23-26
8. Sjonge
In segel op ‘e strangste wet,
want Haman hie syn sinnen set
op Joadebloed, doe’t Mordechai
syn holle bûgde net dy dei,
mar hark hoe’t Ester pleite by
de kening alle Joaden frij,
de wrâld stie op ‘e kop,
want Haman hie de strop.
9. Lêze
Jozua 6, 6-11, 20
10. Sjonge
It barde op ‘e iere moarn,
doe klonk de toan fan rammehoarn,
in lûd jûchhei briek troch de dei
en naam de sterke muorren mei
fan Jericho, de grutske stêd
lei iepen oer it hiele mêd,
sa kearden mei in rop
de muorren op ‘e kop.
11. Lêze
Markus 11, 1-11
12. Sjonge
It wie noch foar it Pesachfeest
dat Jezus keas foar ’t sljochte bist,
Hy wie al troch de poarte gien,
it folk hie ’t boadskip net ferstien,
it woe in kening fan de macht,
in Davidssoan mei pronk en pracht,
mar bern, sy libben op,
de wrâld kaam op ‘e kop.
13. Ferkundiging
Wa fan jim hat wolris meidien oan in optocht?
Ik kin my noch de optochten yn Terherne yn it sin bringe. In tsien weinen achter it muzykkorps oan. De optocht hie meastal in tema. It stiet my noch by dat ien fan de optochten as tema ‘Fryske lieten’ hie. In famke en ik sieten as beppe en pake ferklaaid op ‘e wein fan it ‘Aldershûs’: Leaf, leaf, leaf âldershûs, tink ik oan dy myn Fryslân en oan myn âldershûs. Us sabeare soan, mei in koffer yn de hân, kaam as Amerikaanske emigrant oer nei it leave âldershûs. Wy wiene dus ferklaaid as âlde minsken. De wrâld waard foar in oere, sa lang as de optocht duorre, op ‘e kop set… bern dy’t pake en beppe wurden wiene.
No binne wy perfoarst gjin karnavalfierders, hoewol’t it karnavalsgebou noch net iens hûndert meter fan ús hûs stiet. Mar karnaval hat wol in djippere betsjutting as wat de measte karnavallisten derfan meitsje. It is de fraach oft se wol witte wêr’t it eins by karnaval om giet. Yn de tiid fan de Midsieuwen wisten se it wol. Der wie doe in grutte kleau tusken it gewoane folk en de ierdske en geastlike machthawwers, tusken earmen en riken. Mar ien kear yn it jier, op karnaval, waard de wrâld op ‘e kop set. Dan kaam der in optocht troch de strjitten mei it gewoane folk as de machthawwers. De sabeare boargemaster siet by wize fan sprekken op ‘e kakdoaze en de sabeare biskop hie in pispot op ‘e holle. De machthawwers waard op karnaval de spot mei dreaun. In útlitklep foar it gewoane folk foar ien dei om it op ‘e oare 364 dagen, yn de rol fan lytse man en lytse frou, folhâlde te kinnen.
Miskien soe it net ferkeard wêze dat de Dryltsers ek ien kear yn it jier harren stêd op ‘e kop setten. Boargemaster Reitsma mei in toeter op ‘e holle yn de foarm fan de skoarstien fan Nooitgedagt of sokssawat. Mar jim ha as Dryltsers grif noch wol kreativer ideeën.
Wy hawwe fan ‘e moarn trije teksten lêzen oer de wrâld dy’t op ‘e kop set wurdt. Men soe mei alle earbied sizze kinne: trije bibelske karnavalferhalen.
Nim no it ferhaal fan it joadske famke Ester en har omke Mordechai yn it Perzyske ryk fan kening Ahasfearos (no Iran). Om’t jim it ferhaal grif wol kenne, jou ik in gearfetting.
Ester wurdt om har uterlik (en miskien ek wol om har inerlik) frou fan kening Ahasfearos, keninginne dus. Har omke Mordechai, dy’t alle dagen yn de poarte fan it paleis sit, wegeret as Joad te bûgen foar Haman, de earste minister fan it Perzyske ryk. En dan hast de poppen oan it dûnsjen. As se yn dy tiid fan uranium witten hiene, hie Haman grif in kearnbom meitsje litten, in kearnbom tsjin de Joaden. Mar wat er no docht, is ek ferskriklik. It slagget him om de kening safier te krijen dat der in wet fan Meden en Perzen tsjin it folk komt dat oars is as alle oare folken, tsjin de Joaden dus. Yn dy wet stiet dat se útroege wurde sille. Der moat inkeld noch in moanne en in dei fêststeld wurde. En dêr hat Haman de help fan de Perzyske goaden foar nedich. It lot (pûr) sil oanjaan wannear’t de massamoard (genoside) plakfine sil. Mar troch Ester komt de wrâld op syn kop. Sy lit de kening witte wat Haman fan doel is en pleitet foar har folk. It kin foar harsels de dea of it libben wurde, want sil de kening nei har harkje? Ester as froulike messias: troch it lijen hinne de rêdster fan har folk. En sjoch, de wrâld komt op syn kop. It lot (pûr) treft net de Joaden, mar Haman. Yn de tún by syn hûs wurdt in peal oprjochte mei in skerpe punt en hy wurdt deroan stutsen.
Wat in freugde foar de Joaden yn it Perzyske ryk! Se binne miskien wol yn optocht troch de strjitten dûnse en hawwe sa feest fierd, Pûrim-feest, it feest fan it lot. En noch altyd fiere de Joaden dit Pûrim-feest, it joadske karnaval.
Ha wy de moed om, as de kniper op ‘e skine komt, frijút te sizzen wêr’t it op stiet? De wrâld op syn kop te setten, as it giet om rjocht en gerjochtichheid? Us libben rint gjin gefaar, as wy foar ús miening útkomme. Mar dochs, wy binne ek yn dit ferbân net sokke karnaval-minsken.Wrinne gjint m rjocht en gerjochtichheid.rjitten d wurdt deroan stutsen
It twadde bibelske karnavalferhaal is dat fan de swijende en roppende oanfal mei it lûd fan de rammehoarnen op Jericho. Dêr leit de âldste stêd fan de wrâld mei syn hege, sterke muorren. En tusken de Jordaan en Jericho is it kamp fan de Israeliten. Om yn it lân fan belofte te kommen, moat Jericho ynnommen wurde. Mar wa kin op tsjin sokke hege muorren? Dêr is it fûlste geweld foar nedich, derop ramme! Mar Jozua kriget fan God in muzikaal oanfalsplan. Seis dagen giet der in optocht om de stêd hinne: it oanfalsleger foarop, dan sân prysters dy’t op rammehoarnen blaze. Net derop ramme, mar op rammhoarnen blaze. Dêrnei komt de arke, folge troch de reservetroepen. Wat sil it folk fan Jericho nei in pear dagen lake ha! Dy healwize Joaden yn optocht om de stêd hinne. Tochten se dat sa de stêd ynnommen wurde koe? Wa’t dat tinkt, is gek yn de kop. Mar dan komt de sânde dei. Net ien kear giet de optocht om Jericho hinne, mar sân kear. En sân kear balte de rammehoarnen. Dan is it stil, de stilte foar de klimaks, de swijende oanfal. As Jozua de hân opstekt, klinke de rammehoarnen lûder as earder en jûchheit it folk. En op dat hichtepunt, wurdt de wrâld op ‘e kop set. Sûnder te rammen, komme de muorren fan Jericho yn wolken fan stof del.
It karnaval fan God mei syn folk. Mar hoe’t dat karnaval te rimen is mei it bloed dat dêrnei de strjitten fan Jericho read kleuret? Ik wit it net.
Yn alle gefallen is de swijende en roppende oanfal op Jericho hiel oars as it rammen fan de bulldozers tsjin de muorren fan de finzenis yn Jericho fan in lyts moanne lyn. Gjin lûd fan rammehoarnen, mar it razen fan de bûkjende masines.
Is der in alternatyf foar geweld? It binne fansels wol komplekse situaasjes dêr’t minsken yn telâne komme kinne. Mar wat wy fan it karnavalferhaal fan Jericho – de wrâld op ‘e kop – meinimme kinne yn ús eigen libben, is dat de swijende oanfal resultaat ha kin. Net daliks mei de fûst omheech of de middelfinger yn de hichte of mei in flymjend wurd yn de oanfal. Wa’t himsels yn it libben oerwint, is sterker as wa’t in stêd ynnimt.
En dan it tredde bibelske karnavalferhaal, dat fan Markus oer de yntocht fan Jezus. Kom op, nei de poarte fan Jeruzalem! Lit ús earst ris krûpe yn de rol fan taskôger, want sokke karnavalfierders binne wy no ek wer net.
Nee Sam, net op ‘e muorre fan Jeruzalem klimme, want yn de hichte fan minsklike krêft sil it net barre!
Nee Sam, hoechst ek net op it hynder sitten te gean, want dat bist is it byld fan de oanfal mei geweld, de tank fan de âldheid.
Sjoch Sam, dêr hast Him, op in ezel, it byld fan de nederigens. Sjochst him net, Sam? Goed jonge, gean nei dyn ynvalide freon, Sem, slaan him de earm om de beide skouders.
Sjochst it, Sam? Hy hâldt de ezel yn, stapt derôf en komt op jim ta. Dit woest dochs graach, Sam, dat Hy jim dêr sa sitten seach?
Dat is klasse, Sam! Hy set jim op syn ezel, do en dyn manke freontsje Sem.
En no ha wy de hichte, jonge, Hy giet sels achter jim op ‘e ezel sitten.
Hoe is it mooglik, de wrâld op syn kop, twa deagewoane jonges!
Wêr geane jim hinne, Sam?
Wat seist… nei it karnaval?
It Keninkryk, dêr’t de wrâld op ‘e kop keard is…
Sam, wachtsje… sis tsjin Him dat wy mei wolle. Gjin taskôgers mear, mar dielnimmers. Amen
14. Oargelspul
15. Sjonge
Liet 120: 1, 2, 3
16. Foar de bern
De bern binne ûnder it sjongen yn optocht wer yn tsjerke kommen.
Se litte sjen wat se makke ha en fertelle dêroer.
17. Sjonge
Liet 120: 4, 5
18. Seine
Wy geane wer nei hûs,
eins soe it yn optocht
achter de bern oan
de tsjerke út moatte,
mar sokke optochtminsken,
karnavalfierders binne wy net.
Yn alle gefallen
sil de Geast ús stjoere
en liede op ‘e rjochte wei,
jo grutte namme, o Hear,
wês ivich lof en ear.
19. Sjonge
Liet 456: 3
|