Hoewol’t de greide is syn plak,
hat hy foar ’t sicht de hichte socht
foar gaadlik ûnderdak,
lykas in stedsappartemint,
omdat er minder maklik fljocht,
it leafst op ’t suden in balkon,
want hy is oan de sinne wend…
mar is de flier fan hurd beton?
Sy sit al dagen ûnderdak
op tûkjes yn de delte socht,
der is gjin better plak
foar ’t jonge memke yn de kream,
in kwestje dat it maklik fljocht
foar bern fan dizze hichte ôf,
’t appartemint as yn in dream,
beton bringt har net yn it nau.

|