It einefolk rûn achterút
ferhellen alle media,
dus rûn it út op ûndersyk:
sloech by de fûgels de fergrizing ta
of die de jerke ’t mei de klút?

De biolooch gie derop út,
fûn yn de ûnderwâl in nêst
mei aaien foar syn ûndersyk;
yn it earste oansjen like ’t bêst,
mar ’t sei net folle oer de klút.
De biolooch sleat noch neat út;
hoewol’t it klútkleed wie swart-wyt,
tocht hy net sa foar ’t ûndersyk,
mar ynienen seach er, wyt as kryt,
de ein, foar ’t ûndersyk de bút.
’t Rapport kaam moannen letter út:
de takomst like net sa min,
albino’s yn it eineryk
joegen hoop, se hiene it nei ’t sin
wie de konklúzje ta beslút.

|