Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oanrin foar de sprong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sa hurd as stiel dy beide balken,
fêstslein yn de kâlde grûn,
de dei lûkt nei de neare jûn…
de wrâld tilt op fan finzen folken.

Fan hurdstiel binne ek de triedden,
flechte neffens fêste noarm,
harmoanysk is de bûgde foarm…
de iepening leit yn de midden.

De nacht hâldt iepenings ferburgen,
sels gjin krommel komt dertroch,
wêr is it krekte midden noch…
de stilstân folget op ‘e wurgens.

Ynienen is dêr it lemieren,
strielen brekke troch it stiel,
harmoanysk byld, foar mar in diel…
foar wa’t bestean mei stân fersiere.

De wrâld tilt op wa’t fierder rinne,
lit de iepen fierte sjen,
jout oan dat elk wol springe kin…
it swakke sil fan stielhurd winne.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum