Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e romte sjitte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy leit dêr alle dagen
wurkleas winterdeis, de rûnfeartboat,
dat lisplak is formeel akkoart,
mar kin in promenade rust ferdrage?

De rust fret yn it izer,
troch de ferve fan de âlde aak,
in nije is net yn de maak,
gjin jild, in swalkjend skipper is wol wizer.

Hy swalke troch de jierren
fan it iene nei it oare plak,
de aakroef is syn ûnderdak,
de mienskip hat him leaver dêr as hjirre.

De rêst kin hy net fine
as de dagen rinne nei âldjier,
syn rustaak tsjinnet net as sier,
de promenade wol ’t, hy moat ferdwine.

It fjoerwurk yn de fierte
sjocht er op ‘e steiger oan de mar,
fan âld op nij hat er gjin kar,
op klokslach sil er op ‘e romte sjitte.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum