Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Prottermystearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sitte op it minskewurk,
it krús fan izer en de hoanne,
kuere nei it kleare swurk
en ’t ôfskie fan de moanne.

De protters skite op it goud
en koarje op it saaie izer,
minsken hawwe smeid en boud,
mar fûgels binne wizer.

Se mije net wat makke is,
it útsicht noeget om te sitten,
elk is fan it keunstwurk wis
en sil dat witte litte.

Want as dat wurk troch ’t beamguod brekt,
dan klinkt it tsjotterjen fan protters,
’t koar dat lûd de gek oanstekt
oan alle ierdske wrotters.

It goud dat yn de midden blinkt,
jout oan it krús syn foarm en strielen;
sjoch hoe’t dat mystearje winkt:
kom, protters, om te dielen.

Image
 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum