Wa streket op dit stuit it blau
fan loft en stiel op dizze plaat?
De aksje wie oars net as gau
de hannen en de lins paraat.
Wat hat de skipper oan it byld?
As hy mar troch de brêge komt,
troch faasje yn de wolfeart dielt,
mei nocht heart hoe’t de motor bromt.
De harmony is foar him read,
fan moarnsread oant sinsûndergong,
fan Wide Ie oant Jeltesleat,
hy harket nei deselde song.
De fierte rikt in stipke oan
dat yn it blau rap griener wurdt,
it sjongt in liet op oare toan:
fan fleugel, túch en houten swurd.
|