Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ananda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
anonym*

Image

It easten bylket mei in kleare loft,
symboal fan kulturele hichte,
tuorren rizend út it grien,
it westen wachtet noch in skoft.

In timpel yn ’t hjoeddeiske Myanmar
fan net te tellen stiennen,
meditearjend stien nei stien,
it easten docht it westen foar.

Pagan, it ryk fan tûzen jier ferlyn,
dêr’t kening Kyanzittha hearske,
kombinearre macht en rêst
fan Boeddha, foar it wrâldske blyn.

Mar yn de timpel jout it kleurpatroan
it ritme fan in grut tal dûnsers
oan, dy’t sûnder stille lêst
de nacht trochdûnsje oant de moarn.

Image

* De Ananda-timpel (sirka 1090)
waard boud troch kening Kyanzittha
fan it Pagan-ryk

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum