It falt yn ’t skaad by ’t megabarren,
mar it heint de earste sinneflits
op hichte yn de mêst;
it tsjûget fan it silend farren
oer it Fryske wetter sûnder rêst,
sjoch hjoed begjint Sail Snits.
It falt wol op, de trije mêsten
mei it touwurk foar de hege wyn
op see en oseaan;
se hearre ta de alderlêsten,
tsjûgje fan de tiid fan tar en taan,
mar hjoed… Sail Snits giet yn. |