Se wolle it wol witte
dat Akkrum is har domisylje
en Marieke fierwei favoryt
op skoalle, swimme komt nei ’t switten,
wat mei ABC wol giet,
mar hjoed leit elkenien te pitten.
Se hawwe west te stappen
en koene yn it bier wol swimme,
Snitser pils wie fierwei favoryt
fannacht, ien sei se moasten kappe,
mar men wit wol hoe’t soks giet,
yn Akkrum hie gjinien noch gappe.
Marieke woe noch skriuwe,
it ABC koe sy fan bûten,
mar gjin skoalle wie har favoryt,
sy woe fannacht wol binnen bliuwe,
want it stiet dêr swart op wyt,
dus wêrom noch net ientsje priuwe? |