Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Glêde wjirms

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sy kronkelje ornaris yn de grûn
troch drek en modder hinne,
skite ek wer modder út
en ha in hekel oan de sinne.

As dynjetarissen mei glêde hûd
beknipe sy yn ’t tsjuster
mollen, want soks komt goed út,
nea reitsje sy it sydpaad bjuster.

Sy komme inkeld foar it sinneljocht
by trillings fan de ierde,
want dan reitsje paden rjocht
dy’t nei de bleate wierheid liede.

Dan kronkelje se noch in dei of wat
yn eigen slym bewuolle,
gjin ûntkommen oan har lot
besykje sy mei ’t liif te dollen.

Ik hie hjoed oanstriid foar in hurde traap,
mar koe ’t noch krekt foarkomme,
want sy leine al foar aap,
mar earlik wier, ik sei ferdomme.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum