It is de fraach wat de bestimming is
fan ’t skip, meastal in haven
om te lossen wat oan fracht
yn ’t rom sit, ’t giet net mis
oant ien betinkt om djip te graven.
De oare tinkt hiel oars, ik bin wol wis
om foar mysels te laden,
want ik ha no ienkear macht;
om rom te sitten mis
ik noch dat bytsje fan myn gading.
It is oranje en net rudich read,
de koers is dus wol suver,
tucht en oarder, dus jou acht!
Neat giet by ús ferkeard,
in oare koers komt oer as nuver.
Dus laad mar yn foar ’t grutte kapitaal,
wy bliuwe oant it lêst ta liberaal. |