In fiere reis, in folle blaas
en dat by in stasjon
dat sletten is foar it publyk;
wyld pisje is gjin opsje
tusken rappe rails en drokke dyk
en boppedat krijt men in bon.
En is de need op ’t alderheechst,
sjedêr in kreas toilet
dat noeget beide, naad en slang;
dêrhinne is de opsje:
mei de koarting op ‘e earste rang
en ’t is foar pisjen net te let.
It skoddet wyld, dus rap derút,
it hokje giet derwei:
de mienskip jout foar mar ien miel
tsien euro, dus gjin opsje
foar de heechste need, it wie dernei
en boppedat in hiel gepiel. |