Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aldershûshynder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy rint al withoelang op ’t kampke lân
tichtby it ljochte âldershûs,
gjin bûtensteander wit syn jierren;
sa bliuwt de bân as boer yn stân,
al is it dan fan fierren.

De leie is al lang út hannen jûn,
fan pleats gie ’t nei it âldershûs,
gjin bûtensteander ken de pine
fan net mear oan de oeren bûn,
hy moast syn ritme fine.

De frou wist wol fan oere en fan tiid,
gie mei yn ’t ritme fan it jier,
foar bûtensteanders hie sy blommen,
wie foar de mienskip yn it spier
en wist fan gjin bekommen.

De wrâld wurdt lytser om it âldershûs,
mar bliuwt it sintrum fan ’t bestean
salang’t de muorren strieljend skine;
se sjogge ’t hynder stean en gean
om har dêryn te finen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum