Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fûgelhuttekultuer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat it oansjoen foar in skuorre
doe’t de swel derhinne fleach,
hoewol net fan deselde grutte,
mar soks sjocht gjin fûgeleach,
it wie in minske-fûgelhutte.

Men wit net oft er jongen fuorre,
want it nêst wie kâld en leech,
en wêrom hy it dêr krekt boude?
Wa sil ’t sizze… ’t siet net heech,
miskien dat hy it wol fertroude.

Hy koe net witte dat ien huorke,
frjemdgean wie him net bekend
en neuke koed er ek net lêze,
oan de aksje wie hy wend,
oars koene der gjin jongen wêze.

Men wit net hoe’t er fierder buorke
as in rappe boereswel,
faaks hat er ’t skuorredak benutte,
seach er op it minskdom del
om ’t kulturele yn de hutte.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum