Ut it skûtsje-argyf 1971
De spanning rint de hichte yn,
it sil yn Grou wer heve,
altyd goed foar de primeur,
want ’t is al wer in fol jier lyn
dat Snits de kampioen ferhege.
De hân omheech foar ’t proefbegjin,
‘Doarp Grou’* ken syn trawanten:
‘Sile, bliksem, gjin geseur,
fan hân in fûst, dat hat mear sin,
dy sinnebril sjocht alle kanten!’
De fokkenist sjocht achterom,
de fok hoecht hjoed gjin eagen,
mar it seil is yn mineur,
it hinget, as wie ’t yn de slom,
leech boppe skiere kym en weagen.
De spanning sakket nei it dek,
it seil sil flakker moatte
wol ‘Doarp Grou’ hjoed yn majeur
de striid yn… sjoch, it rint al gek
as ’t swurd mei ’t skip fan Ulbe** boartet.
* Skipper Sipke Tjerkstra
** Ulbe Zwaga
|