Wa’t net wit wat Snits betsjut,
sil nea de skerpte fiele,
hoe’t it snijt mei ’t stedske swurd,
nea de snit útstriele.
Midsieusk graven fan de grêft
om stêd fan lân te skieden,
wjerstân biede oan de krêft
fan fijâns swurd, mei dieden.
Snitser ridder Rienk besocht
de driging ôf te snijen
mei it swurd yn in gefjocht
om Sion te befrijen.
Snits en Sion, ’t slagge net
dy yn de macht te krijen,
Rienk ferliet de eigen stêd,
dy’t sneedsk him brocht yn ’t lijen.
Ridder Rienk sloech nochris ta,
mar sûnder sneed of wûne
woed er ’t eigen Sion ha,
in stee foar libbensjûnen.
Thabor, kleaster op in terp,
al lang net mear foar eagen
fan de Snitsers, dy’t sa skerp
de gouden takomst seagen.
Takomst as in hannelsstêd
mei bûter, brea en tsizen,
alle Snitsers rekken sêd
en dat tsjin skerpe prizen.
Lapelju út Dútslân wei,
sy kamen op ‘e lappen
mei tekstyl foar hin en aai,
foar klean om yn te stappen.
Lykwols foar’t it safier wie,
beskrepten nul en skjirre
skerp de lapen mei in trie,
de kwaliteit fan hjirre.
Lapen seil beweegden Snits
oer hege wetterweagen
yn kwadraat en jol en flits
mei striid en skerpe eagen.
Wa’t no wit wat Snits betsjut,
sa skerp fan sneed en sinnen,
stimmich nei de lêste snit,
dy sil de slach wol winne.
|