De namme flokte mei fatsoen
en foel, koe net yn lykwicht bliuwe
as fûgel, driuwend op twa wjukken,
de do, mei frede fêst ferbûn,
feroare yn in fearrewolk,
dy’t dwarle nei de hurde grûn
om dêr de letters noch te skriuwen
fan Frina, namme op twa krukken…
… dy’t ferfongen waard troch folk
dat freonskip yn it findel fiert
en wol dat Amicitia
tenei de gastferbliuwen siert
en liede moat ta harmony,
mar wittend dat al yn de fierte
de falk de wjukken útslacht ta
de flecht nei ’t gea fan bosk en poel
om dêr it lykwicht te ferbrekken
fan libben, dat ferfalt, mei ’t doel
de skerpe klauwen út te stekken,
te pakken en neat oer te litten
fan freonskip tusken Snits en Brekken,
want falk en do ha altyd witten,
it wurdt mei har in fearreboel.
|