In eilân fol mei tinten
lûkt it folk foar ’t aventoer,
de kikkerts kwêkje der al oer
en springe super op ‘e printen.
In eilân foar de maten,
dy’t belibje op ien dei
it spul (nei earnst op harren wei):
it sjitten fan de kickpiraten.
Sy sjitte op ‘e pine,
dy’t gjin kâns krijt, samar dea,
har eigen skip hat hjoed gjin skea,
sy sille grif de skat noch fine.
|