Wolkom, freugde fan de bloei,
wês wolkom foar de slinger,
skonken foar- en achterút,
span de spieren, ek yn ’t kút,
want heger wiist de finger.
Soargje, freugde, foar de groei,
fan hûs út bist in swinger,
draai noch ien kear yn it rûn
foardatst ferlitst de fêste grûn,
want heger wiist de finger.
Gean mar heger op dyn flecht,
nei ’t bloeien komt de simmer,
lang de dei en koart de nacht,
do hast it lykwicht yn de macht,
noch heger wiist de finger.
|