fan Peter Paul Rubens*
Nei de hammerslaggen by it lizzen
fan it krúshout moat it no oerein,
it bliuwt net by in pynlik swijen,
want it lêste wurd is noch net sein.
Wylst de boal, al jierren wend oan lijen,
al syn spieren spant, as droech er Him
op boarst en earms, om grip te krijen,
sjocht de man omheech, noch klinkt gjin stim.
Lûkt de hiser strak de beide touwen,
dan sil ’t heve, klinkt de earste rop:
‘Kom op, no net fan dat benaude,
triuwe, rame, set him sa rjochtop!’
Twa soldaten, rap mei rêch en hannen,
stypje ek, har taak is oars de wacht,
mar hjoed jildt: ‘Dit is wurk foar mannen,
Joad, Romein of wa dan ek, jou acht!’
Wylst de spikers skuorre troch de spieren,
lit er ’t roppen oer Him hinnegean,
hoe rjochter ’t krús, hoe mear de swiere
lea Him pinigje fan pink oant tean.
Altyd hinget Hy noch as in teken
tusken grêf en gloarje sûnder lûd,
wy as soldaten, Joaden, leken
steane stom by ’t rinnen fan syn bloed.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
wie yn de sechtjinde ieu
de Rembrandt fan de Flamingen.
Hy skildere yn 1610
‘It oereinsetten fan it krús’
(341 x 462 cm.).
|