fan Vasili Grigorevitsj Perov*
Sy moast wol mei foar proviand
dy dei mei manlju en twa sliden,
yn de iere moarn al op ‘en paad
mei strange froast nei âldfaars trant,
sa binne sy nei ’t stedsplein gliden.
De hynders kamen op ‘e stâl
dy’t by de âlde herberch hearde,
dêr’t de manlju krigen wodkapraat
oer ’t winterwaar, it bearde mâl,
wylst sy har mei de ynkeap rêde.
En yn de skimer soe it fuort,
mar ho, in lêste by de poarte,
want dy kroechbaas wie har bêste maat
en sy moast bliuwe by it guod
fansels, want wa soe ’t oars dwaan moatte?
* Vasili Grigorevitsj Perov (1833-1882)
wie in Russyske skilder fan sjenrestikken,
histoaryske ûnderwerpen en portretten.
Dit skilderij neamde er
‘De lêste kroech by de stedspoarte’.
|