Hy sit op stien, sels as ferstienne,
mar dat is de bûtenkant,
fan binnen flitse bylden lâns,
fan diseltank oant oaljefant,
hy kin dan oeral hinne…
mar hoe kriget er de kâns?
Hy moat fansels ek sels bewege,
dus út syn ferstienne stal
ferrize, want hy is wol mâns
genôch foar ’t spyljen fan de bal,
in sprong en dus in hege,
daliks fierder yn balâns.
En hat er alle ballen rekke,
dan ferstiennet er opnij,
mar binnen flitse bylden lâns,
in reade scooter is derby
om út ‘e stien te brekken…
kriget er in twadde kâns?
|