De tiid ferstrykt, de bloei is oer,
it stal wurdt bûgd, de holle keal,
it libben hat gjin doer.
Se wiene sterk lykas in bear
en klauden wurk oan, foar de bern,
it gie fan mear nei mear.
De tiid ferrûn, de kym waard skier,
de fierte wie net mear ts sjen,
’t bestean ferlear syn sier.
In sierlik byld dûkt lykwols op,
it giet net mei de tiid ferlern
wat stribbet nei de top.
It bloeide wyt en yn it rûn,
al sjocht men faak de kym mar heal,
de libbenstiid is jûn.
|