Ut it skûtsje-argyf 1969
Noch foar de striid kin ’t raar beteare
as de skipper hiset heger ’t seil
as proefsyleleminten twirjend beare,
want dan rekket skip of skipper ûnder peil.
As earste sylde skipper Hylke*
Earnewâld oer Sitebuertster Ie,
bekend mei ’t rôljend Grouster wetter
sa’t der gjin betûfter siler wie
oant út ‘e hichte wei in twirre
him fûl falle liet yn ’t taande seil,
it skûtsje koe gjin meter fierder
wat de skipper fûn fier ûnder peil.
As twadde sylde skipper Teake**
’t Heale Moantsje skean de Moarre oer,
net ûnbekend mei ’t wiet fan Koudum,
rekke dochs it lot de man oan ’t roer:
syn harsens woene ’t mêstblok keare,
mar se skodden ûnder ’t wetterpeil,
hy koe gjin moantsje mear ferneare,
striek harsensskraabjend fok en seil.
* Hylke de Vries
** Teake Brouwer |