|   It lei dy moarn net oan de sinne,want dy joech de rails in blauwe glâns
 en alles like yn balâns,
 mar ’t soe dochs út ‘e klauwen rinne.
 Twa dowen wjukken dat it klapte,want se wiene snien út bombasthout,
 it hie derfan as wie ’t fertroud
 hoe’t beide oer de spoarberm stapten.
 Al gau gie ’t oan, it fleach derhinne,út ‘e skroeven, yn in wylde dûns,
 doe joech de ien de oar de bûns,
 ’t rûn op ferliezen út of winnen.
 Mar wie it leafde of krekt skiedingdy’t har dreau yn ’t ien of oare spoar?
 Tekoart dwaan kaam dochs ek wol foar…
 wa docht fan dowemoard noch tiding?
 
 |