Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ald izer wurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se wage ’t izer mei de eagen
om’t it har profesje is,
betelje út mei sûn ferstân
want yn de holle is neat mis,
it wachtsjen is no op ‘e hân,
gjin suster wol noch yn de beage.

Twa susters foeren oer de weagen,
mijden harren skûte net
omdat it har profesje wie
‘wy ha mei stielen manlju ret’,
se wiene daliks út ‘e rie:
wy weagje ’t sels mei fjouwer eagen.

De manlju hifkje mei de eagen
’t resultaat mei sûn ferstân
omdat it har profesje is
en wurkje mei in stielen hân
it izer om ta grut en wis,
se wage wol, mar net de leagen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum