|   De havenmaster seach yn ’t blauen loek de holle fol mei tearen
 as de weagen foar de kust:
 ‘It hiele jier troch bin ‘k yn tou,
 it is in lêst yn plak fan lust,
 ik kin net oer myn klanten beare.’
 De sinne kriich it op ‘e kopom’t dy it hiele jier troch skynde
 op ‘e weagen foar de kust,
 want soks ferfeelde, brocht de strop;
 as Friezen bearden: ’t is in lust,
 dan fûn de master dat it skrynde.
 Sa kipen Friezen yn it blaudy earste moaie maitiidsrite
 by de haven oan de feart;
 se makken ree de pream en skou,
 in nij seizoen wie net ferkeard,
 dy ûnderfining soe net slite.
 
 |