Trije dagen sloech in rûge stoarm
de hurde Friezen út ‘e slomme,
sloech de needklok grut alarm:
‘De diken brekke, wol ferdomme!’
Friezen, like nochter as de dyk
as memme earm om Fryslâns polder,
laken har om ’t balten bryk:
‘Dit is by ús ferline kolder!’
’t Wetterskip sloech heech foar master op
mei bulten modder by de Potten,
mar de Burd kriich ’t op ‘e kop:
‘Wol nee, allinnich wiete fuotten.’
Trije dagen jouwe skippersrjocht,
dus hurde Friezen, lit ús farre,
want dat jout nêst need ek nocht,
foar ’t wetterskip ha wy al sparre. |