Dêr leit ús lytse jonge,
ôfkeard fan de wrâld,
yn djippe sliep fersonken.
Gjin fûgel heart er sjongen,
bûten is it kâld,
dochs ha der lûden klonken.
Hy wit noch fan gjin ingel,
hoeder mei syn skiep,
doch hearde hy de lûden.
It liket op getingel
yn de earste sliep,
in oprop, mar noch hoeden.
Hy dreamt grif fan de fûgel,
aap, no al syn maat,
har rop komt út ‘e fierte.
Hy reizget fia google,
neffens âlders’ aard,
it byld lit it him witte.
Dan fljocht de grutte jonge
oer de hiele wrâld
yn bylden djip fersonken.
|