|   De himel kleuret boppe ús Legeaënread as bloed, mar ’t wurdt gjin wettersneed,
 it binne tinten foar in maitiidsdei
 as oars de hjerst, nei earst noch weaën,
 losbriek mei in swiere stoarm, gjin need
 dus, want wy geane oer de dyk ús wei.
 De Grienedyk rint om de lege miedenas beskermer tsjin it hege peil
 wannear’t de stoarm it gea de wacht oansei;
 de dyk hold trou de wacht, koe biede
 wêr’t de muonts foar wrotten hie: it heil
 dat op it lân en yn de tsjerke lei.
 Mar ’t heil sil fan de wetterhearen kommemei de dykmodellen op ’t buro
 en sleatten euro’s fan it sljochte folk,
 want neat kin har in krisis bomme,
 ’t giet hjir om in mistsenario
 by maitiidswaar: in dyk fan ljocht en wolk.
 
 |