Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De blauwe dea fan 1832

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It meunster kaam út Bangladesh
en sloep troch Ruslân nei Europa ta,
hat by de Switsers slaande west…
it famke stoar oan goalera.

Image

Yn Skeveningen kaam er oan
mei fiskers dy’t er flink te pakken hie,
sy binne lykwols net ferstoarn,
wylst hy in oar it himd oandie.

Dy oar joech oer en krige kramp,
moast hieltyd, nacht en dei, nei ’t húske ta,
sa rûn er leech nei ’t deadekamp
yn ’t blauwe himd foar krie en ka.

It meunster kaam as straf fan God,
die oan de dea… wa woe no noch fertier?
De brouwer klage oer syn lot:
‘Gjinien sûpt mear myn skomjend bier.’

* Litografy ‘Famke út Switserlân’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum