Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De loft yn

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan J. Schoemaker-Doyer*

Gjin admiraal, mar luitenant
fan kanonnearboat nûmer twa,
mar dochs stie hy net oan de kant,
Van Speyk foer nei it suden ta.

De Belch, yn opstân tsjin de foarst,
moast mei ’t kanon wer yn de bân
fan ’t keninkryk, dat joech gjin barst…
lang libje striidber Nederlân!

Van Speyk soe sjitte mei ’t kanon,
mar stjoerleas rekke nûmer twa,
syn strategy rûn op ‘e non…
hoe moast de kommandant dit ha?

Image

Dêr stiet er as de admiraal
dy’t foar de naasje striidber wie,
as jonge koed er dat ferhaal
fan elke kear in heldedie.

‘Klim jimme rap nei boppen ta
en fiel noch ien kear hoe’t de wyn
dêr waait, de Belch sil ’t skip net ha,
de loft gean ik dan leaver yn!’

De linkerhân de hichte yn,
ien knibbel op ‘e houten flier,
it krûd joech fjoer en hurde wyn,
Van Speyk fleach mei, ’t is stjerrend wier.

Image

* J. Schoemaker-Doyer (1792-1867)
Skilderij ‘Van Speyk foar’t er it krûd oanstekt’
Skilderij ‘Van Speyk stekt it krûd oan’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum