Ut it skûtsje-argyf 1969
De fjirtjinde, mar ’t wie net alles nij,
it skûtsje wol, de skipper stie
desennia al oan it roer,
hy koe in skip fan loef oan ’t lij
en hoegde fan gjinien mear rie:
de earste, Ulbe Zwaga op retoer.
De hinnereis al seis kear kampioen
mei syn ‘Doarp Grou’ dêr’t hy foar stie
lykas Sint Piter mei syn toer
besjocht de Pikmar yn it rûn,
de eagen skerp op Wide Ie,
dochs eaget Fryslân wider oan it roer.
Dus gjin ‘Doarp Grou’, mar eala ‘Frisia’,
it skûtsje dat yn ’t sintrum stie
fan Friso’s gea, it folk fan boer
en skipper, dat mei Zwaga ta
it heechste woe: sa as it gie
de hinnereis, moast Ulbe op retoer.
|