Wol tinke oer in frjemd ferhaal,
mar dochs ek wol bekend,
fan Eal de Earrebarre,
dus fan eal komôf, hy spriek de taal
fan hjir bin ik, in stoere fint,
ik fiel, der moat noch wol wat barre.
Hy fleach mei rjochte hals oer ’t gea
en breed wie ek de slach
fan wjuk om rap te farren
troch de loft, heech boppe gers en hea,
mar frjemd genôch, hy wie wol wach
op fûgels, mar gjin earrebarren.
In fûgel, sa te sjen yn ’t griis,
hiel oars as syn swart-wyt,
stie yn it fjild te pronkjen;
’t skeat him yn de wjuk en fan de wiis
begûn er oan syn klepperliet
dat oersloech lykas frijersfonken.
Sy fûn it earst wat frjemd, mar gau
wie sy oan ’t frijen wend
mei Eal de Earrebarre,
breedút wjukjend naam er it net nau,
syn thúskomôf waard net bekend,
dy nêstrook hat er har besparre.
Mar doe’t er thúskaam, wie ’t wyt-swart,
der is noch hiel wat bard.
|