De djipte is foar ’t linich swimmen,
fûle slaggen mei de sturt,
betrouber ek as roer,
want alles oan him hat syn nut,
hy hoecht de lea net út te trimmen.
Mar is de spanning út ‘e kiuwen,
de lêste siken binne op,
dan bliuwt der oars net oer
as út ‘e djipte wei de kop
omheech en lea dy’t inkeld driuwe.
Hy koe op ’t plak net lizzen bliuwe
dêr’t de leeljeknoppen nei
de spegel klommen, poer
gelok op dizze earste dei
fan weagjend, kleurich bloeiend driuwe.
Ik ha de blei op sleeptou nommen,
foer doe nei de midden ta,
it djipste fan de poel;
it fielde oan, hy woe ’t sa ha,
yn ’t eigen wetter is er kommen.
De wetterleelje, syn gelikens
doe’t er noch yn libben wie,
hie dêr symboalysk doel:
de bek dy’t justjes iepenstie,
hat tsjûge fan syn djippe rikens.
|