Ferfleine dagen, ’t wie wer snein
doe’t ik alhiel allinnich rûn,
wol mei de driging om my hinne
fan it rint mei gauwens nei de ein,
de wrâld is oan de krisis bûn.
Depresjes jeie wolken oan,
wat is de sin fan it bestean
as maatskippijen net mear winne?
Suïside krijt de boppetoan,
fertsjinne is it lêste lean.
Mar sjoch wat oan it eilân leit
lykas yn dagen fan alear
al fier foardat der boaten binne
dy’t fûl stride as it stoarmich waait:
it is de loadsboat fan de Hear.
It Snitser swart-giel yn de mêst
fertelt fan ’t sinljocht yn de nacht
as munten dy’t oer ’t wetter rinne;
’t jout de djippe krisis heech hâldfêst…
‘k rûn troch en hearde slach noch klacht. |