De evolúsje stribbet aksje nei,
de driuw giet heger as de beam,
it is de flecht fan nacht nei dei,
foar ’t minskdom bliuwt it noch in dream.
De keunstner jit de flarden yn in byld,
dat statysk siket om de flecht
op wjukken earst noch wif en wyld,
dan op termyk, mar ’t wurdt nea echt.
’t Is nacht noch, dat hy hat de hichte socht
mei útsicht op ‘e nije dei,
evoluearret sa’t er fljocht,
yn aksje, by it minskdom wei.
|