Ut it skûtsje-argyf 2003
In suchtsje hjir, in twirke dêr
en fierderop blakstil,
it woe net neffens skippers wil,
de sigaret as skûtsjestjer.
Mei fjirtjin yn it earste rak,
elk hie de romte wol,
mar by de kapboei waard it fol…
de kop derby, nei ’t bêste plak!
De Jouwer dreau de oaren op
en krong der tuskenyn,
de fok fernaam ynienen wyn…
de kapboei kaam rjocht foar de kop.
It stoarme oer it flakke wiet
fan kloatsek oant protest,
De Jouwer slagge foar de test
‘spring op ‘e boei, sjoch hoe’t dat stiet’.
Mar Eldert* hie dat net oan tiid,
want mei de parasol
hie hy de beide hannen fol…
ek oan ’t protest, dus út ‘e striid.
* Eldert Meeter |