Ut it skûtsje-argyf 2003
Hat Ale* ’t roer noch fêst yn hannen
no’t De Lemmer op ‘e side leit?
Oer bakboard foar de Grousters lâns
wylst de peiler yn De Wiellen baait…
wa’t trochsylt, hat de measte kâns.
Gjin skipper sil der swier oan tille
dat it op De Wiellen justjes waait,
mar giet it rap nei wynkrêft fiif,
dan is ’t stil oan board, gjinien dy’t seit:
‘It wâlet my raar om yn ’t liif.’
Op ’t skeane foardek fan De Lemmer
biede tou en fokkeskoat hâldfêst
wylst weagen wâlje oer it board;
konsintraasje en fan ’t liif gjin lêst…
wa’t loslit, is perfoarst de kloat.
Hoe sit it dan mei skipper Ale,
dy’t it helmhout losliet, gjin hâldfêst
mear, samar soalde hy oerboard,
mar de skipper hie der noch net west…
hy spile swimmend op ‘e poat.
* Ale Zwerver |