Ut it skûtsje-argyf 2003
Earnewâld by heech en leech,
’t is altyd wol gesoademiter:
te smel, gjin wyn, want lijtes by de fleet,
dus hâld de boom mar klear by need,
de skippers ha ’t dêr fierste dreech…
as lêste binnen wie de eigen Piter.
Earnewâld, grien is de wâl
mei tusken reiden de strewellen,
foar wurge skûtsjes plakken by de fleet,
mar pak nei rêst de boom mar beet,
mei fjouwer skowers giet it mâl…
de Heale Moanne kin oant trettjin telle.
Earnewâld, it spant derom,
wat nûmer giet dêr yn de hichte?
Net dat fan wisse winner ’t Hearrenfean,
Langwarders geane roppend stean
en fiere yn dit doarp de rom…
sa is ’t gesoademiter wol ferlichte.
* Piter Brouwer fan Earnewâld |