Ut it skûtsje-argyf 2003
Sjoch him op it helmhout sitten,
dat sels stiif sit tusken hannen yn,
takomstich skipper Anne Jan
mei Nijhuis as syn fan;
it nije skûtsje leit goed oan de wyn,
dat sil hiel Starum witte!
Lit Súdwest it âlde sjitte,
’t alderlytste fan de float,
as alderearste kampioen?
It antwurd is al jûn:
sa’n misdied hat in protte fan in moard,
dus Starum kin ’t ferjitte!
Anne Jan kin ek noch kieze
tusken âld en nij, wat er mar wol,
ambysje of foar aardichheid,
mar as it aardich waait,
dan hat er beide hannen mear as fol,
dochs nea sil hy ferlieze! |