fan anonym*
Wat kin Egypte sûnder Nyl,
in streamend wetter fol ûnthjit,
foar ’t lân it lichem en de siel,
dêr’t byld en wurd it djipst yn sit.
De dream komt út ‘e djipte wei,
dat fielt de farao ek wol,
de nacht lûkt bylden út ‘e dei,
dy’t libje, fan betsjutting fol.
Sân kij ferrize út it wiet,
de hûden glânzjend fan it fet,
dan folgje bonkerakken dy’t
de fette frette yn in set.
Sân raaien komme út ‘e grûn
mei tsjokke kerrels yn de ier,
wat skraal is, meitsje se net rûn,
ferlern giet alle fleur en tier.
De farao sit rjocht oerein,
troch merjes fan de nacht oerstjoer,
de djipte is wol iepenlein,
de folle tsjutting bliuwt noch oer.
* Bylden fan it mozayk
yn de San Marko basilyk
te Fenetië |