fan Rembrandt*
Lit elkenien de thúskomst witte
en de rie fan ingel Rafael:
‘Smar yn de bline eagen galle,
Sara, jou dy by de poarte del,
dan wurdt in elk grif wolkom hjitten.’
Mem Anna seach it net mear sitten,
mar noch altyd stie se op ‘e dyk
om út te sjen, doe seach se beide
nei har kommen, wie de wrâld te ryk
en liet dat mei har triennen witte.
Heit Tobit woe ek bûten komme,
mar hy stjitte, blyn noch, tsjin de doar,
doe smarde Tobias de galle
op syn eagen, want dêr wie dy foar,
dat Tobits eachweid waard ferromme.
Om’t Sara by de poarte bleaun wie,
helle skoanheit Tobit har rap op,
lûd priizgjend God en ek har âlden;
’t brulloftsfeest fan ’t pear rûn nei de top
nei’t elk sân dagen freugde preaun hie.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De genêzing fan Tobit’
|