Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Achterom sjen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Foar Jitze* wie ’t in minne nacht,
want wekker lei er fan de start:
de Heale Moanne nûmer ien,
de dream brocht him nei finish acht,
’t senario wie swart.

Image

De middeis like ’t ek net bêst:
de skûtsjes starten foar de wyn,
de Heale Moanne lei yn ’t skaad,
mar kriich fan nûmer twa gjin lêst,
gjin konkurrint rûn yn.

Hoewol’t de rûte foar him lei,
seach hy geregeld achterom,
Wâldsein lei suver op ‘e kont;
de nacht hie neat sein oer de dei,
foar Jitze wie de rom.

Image

* Jitze Grondsma

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum