Ut it skûtsje-argyf 2002
It skûtsjesilen giet fan heit op soan,
al neffens de tradysje.
Spylje genen in foarname rol
of komt it op it foarbyld oan?
Soms rôlet yn it rom in bal.
Dêr stiet er oan it helmhout, Albert Mink,
soan fan de Grouster skipper,
dy’t al mannich kear in wedstriid wûn,
mar Albert maalt net om sa’n wink,
wurdt mei de bal wol kampioen.
Dêr leit er op ‘e lûken boppe ’t rom
en wol net dat syn holle
troch de grouwe gyk lansearre wurdt;
it helm- en gykhout fynt er stom,
it ballear is wat minder hurd.
Dêr stiet er dan, rjochtop yn ’t folchskiprom,
sjocht sykjend om him hinne,
fynt úteinlik achteryn in bal…
in skot as plofte der in bom,
hy spilet mei de bal syn rol. |